Op 21 febrewaris ha we Sint Piter fierd yn Hotel Oostergoo mei 55+ Grousters. 100 besikers koene genietsje fan it koar ‘Hjerstmeldij’ en we hiene de primeur fan historyske filmbylden fan it Sint Piter feest fan 1948-1985. De film is makke troch it Fries Film Archief, ta eare fan it 75 jierrich jubileum fan de UVV Grou. Âld Grouster Syds Wiersma presentearre de film en brocht ek in oade oan Swarte Pyt mei in gedicht. De film is te sjen fia dizze link: https://www.youtube.com/watch?v=FagFuaN1fWc 

In besyk fan Sint Piter en swarte Pyt makke de middei kompleet. Mei de kwis (frysk) flachje-op-en-flachje-del waard de Sint Piter kennis toetst. Nei in hapke en in drankje, mei pryskes fan de ferlotting en wat lekkers gong eltsenien bliid en blier op hûs oan.

Foto’s: Jacob van Huizen